Wille op 'e iisbaan

Op snein 22 jannewaris gie it dochs oan. Kening winter krige de oerhân, it iis wie dik genôch. De iisbaan fan Tsjerkwert is iepene foar alle bern oant 16 jier. Dit soarget foar in soad iiswille en it is dan ek op en top genietsje. De kiekjes sketten troch Mireille Galema sizze genôch.